Feie Fonyk: lytsbern

jannewaris 26, 2017 07:34

 

 

Der libje net in soad panda’s mear. Dy bisten frette allinne bamboe sa’t it skynt en se binne net pystich genôch om neiteam te meitsjen. Se hawwe in skoft ferlyn in televyzjeskerm foar in pear Panda’s hongen mei in filmke fan pearjende panda’s om sjen te litten hoe’t je soks dogge. It skynt dat der manlju en froulju binne dy’t der op deselde wize nocht oan krije. Dochs stjerre dy panda’s miskien út lykas al dy oare bisten dy’t der net mear binne en lykas al dy planten dy’t ferdwûnen. Sa giet it ek mei talen. Se feroarje en ferdwine.

Der binne minsken dy’t tinke dat soks net mei it Frysk barre sil. De wittenskippers fan de Fryske Akademy binne fan miening dat it tafalt mei de delgong fan it Frysk. It binne wittenskippers, dus wa bin ik, Feie, om dat tsjin te praten. Dat doch ik al. Ik kom geregeld yn Tresoar. Der steane boppe oan de noardkant rigen en rigen Fryske tydskriften. Net ien derfan bestiet noch. Fryske boeken wurde amper ferkocht. De Moanne, ea bedoeld foar de Fryske taal liket my, hat wat langer wat mear Hollânsk om fan ús Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad mar net te praten. Wa op it skoalplein fan de skoallen yn Burgum omrint – en it jildt ek foar oare ienris tige Frysktalige doarpen – heart wat langer wat mear Hollânsk. Yn Hurdegaryp hawwe se tassen by Albert Heyn mei it opskrift Hardegarijp. Dat moat bard wêze yn in oanfal fan ferstânsferbjustering. Ik wit net oft it dermei te krijen hat, mar in soad famkes by de kassa sprekke my oan yn ús oare rykstaal. Wa’t fraachpetearen beharket by Omrop Fryslân rint de grize betiden oer de grouwe. Is dat noch Frysk of is it Frolânk of Hollysk.

It docht my sear oan de earen.

Mar it slimste fan alles is it bargefryks datst wat langer wat mear hearst. Guon binne fan betinken datst dy net drok meitsje moast oer soks. Talen feroarje. Dat bart oeral. Mar as ik hear “Ik sei noch tsjin myn lytsbern Kevin dat er nei pake moat lústerje as er wol skaatse”, dan docht my soks sear oan de earen. Wol in lytse taal oerlibje, dan sil dat allinne slagje troch der in soad enerzjy yn te stekken en sa suver mooglik mei de taal om te gean. Dat betocht ik doe’t ôfrûne wike te reedriden wie op de Ryptsjerksterpolder. Spitich genôch net mei myn pakesizzer, bernsbern, Friso, want ik wit dat dy leare moat op syn skoalle yn Rotterdam.

 

jannewaris 26, 2017 07:34
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Johannes jannewaris 26, 11:19

    Pakesissers sitte hjoed-de-dei yn Hollân en net mear tichteby, mynt ek. Je gean foar wurk, dat better betellet, dêr hinne te wenje en de bern, bernsbern bliuwe dêr. Ik gie werom nei myn heitelân om it Frysk te “rêden”. Mar it Frysk hjir is Frolânsk wurden. It muoit my, no haw ik de triennen yn ‘e eagen. De bûsdoek út ‘e bûse en stelpje.

  2. Durk jannewaris 26, 17:56

    It docht net allinnich sear oan de earen mar de triennen spatte je ek yn de eagen as je it taalgebrûk fan de bernsbern heare. Om oer dat by de Omrop mar net te praten.. Ha dit al faker as ien kear oanjûn by
    meiwurkers mar it biedwurd is dêr is: Frysk is in libbene taal en dy feroaret. Se ha dus gjin harkers mear mar lústeraars, De hûzen steane lans de wei/buert ensf.en by glêde diken wurde auto’s beskeadige. In plyseman/frou is yn harren eagen in agint. En it iis wie yndie te tin om lekker te ‘skaatsen’.Jo moatte net seure mar jo oanpasse oan de taal fan de grutte massa. En sa giet ús taal nei de…..Om ien en oar te ferbetterjen stel ik foar om de subsydzjes oan it goed brûken fan de taal te keppeljen.

  3. Bakker jannewaris 26, 21:35

    Kursussen FRYSK FOAR FRIEZEN alle dagen op ‘e telefyzje, jûn troch ien dy’t ús taal wier behearsket (immen fan ‘e Fryske Akademy bygelyks). Standerfrysk, en om ‘e nocht, fergees! En hieltyd weroan werhelje.

  4. Jehannes Elzinga jannewaris 27, 16:36

    AFÛK kursussen hearre fergees te wêzen. En minsken dy’t slagje foar it eksamen moatte mei in dofke skewield wurde (of better noch, in Frysk boek). My tinkt dat de provinsje hjirfoar ta de ponge moat. Yn it ramt fan it Deltaplan Frysk moat der jild foar beskikber komme.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*