Feie Fonyk: Henk Krol

jannewaris 19, 2017 11:11

 

 

Eartiids wisten de âlden fan dagen harren plak. Sa tsjin de 65 begûnen se nei te tinken oer in ûnderkommen yn it “Bejaardentehûs”. Dat wurd brûk ik mei opsetsin, want doe al rekke it Frysk yn de nederklits. Ik bedoel de ynterferinsje mei ús oare en sterkere lânstaal is net fan hjoed of juster. Mar werom nei dy âlderein. Se wisten harren plak en se sloegen net foar master op. Har wurksume libben lei efter harren en se giene der ris op út, mar de measten sieten efter de sprekwurdlike geraniums.

No hawwe wy oare tiden. De âlden fan dagen, de 50-plussers, de grize pleach, de âldere jongerein of hoe’t je se neame wolle, fleane as gekken op harren elektryske fytsen oeral hinne en sadree se thús binne sitte se efter de kompjoeter om de folgjende fleanreis, busreis of goedkeape treinreis – se hawwe ommers sân frije reisdagen, in goedkeap Kruidvat-, Blokker-, Albert Heijn- of Hematreinkaartsje – te organisearjen. Se rinne de musea plat en yn de trein kinne je de kont net keare, omdat der al in grize do sit. Gelokkich kinne se troch de wike pas nei njoggenen goedkeap mei de trein, mar sa tsjin in oere of alven is der yn de musea gjin trochkommen oan.

Wa moat dat betelje, bêste Krol? Lis dat ris út!

Mei de Twaddekeamerferkiezingen yn sicht meitsje ik my, en ik net allinne hooplik, grutte soargen oer hoe’t it fierder moat. Justerjûn seach ik dy aakliksma fan in Henke Krol op de telefyzje mei syn glêde praatsjes oer hoe min oft de âlderein it hat. Foarsafier’t dat âlde folk net ûnderweis is nei Spanje of oare waarme lannen, sitte se foar de treurbuis en harkje nei syn kletspraat. Wa’t syn partijprogram lêst, kin net ta in oare konklúzje komme as dat ús lân nei de ratsmodee giet as dat útfierd wurdt, want wa moat dat allegearre betelje? Just ja, de jongerein en de manlju en froulju dy’t moarns wol op ’e tiid fan it bêd komme om oan it wurk te gean.

Fansels, ik oerdriuw. Der sille âlderen wêze dy’t muoite hawwe om de eintsjes oaninoar te knoopjen. Eins moatst dat as kollumnist net dwaan. Ik bedoel: gas weromnimme. Dus fuort mei 50Plus.

Sjoch ek myn kollum fan begin desimber: Fuort mei dy partijen.

jannewaris 19, 2017 11:11
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Aage M jannewaris 22, 18:02

    Dyn kolums wurden stadig better Feie

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*