Feie Fonyk: brún fet

jannewaris 17, 2017 11:31

 

 

It skynt goed foar it lichem te wêzen, ik bedoel dat je in bit yn it iis kappe en je der dan yn sakje litte of dat jo yn stienkâld wetter swimme. Op nijjiersdei wiene der oeral minsken dy’t harren dêroan weagen. De grutste ploech yn Scheveningen. Mei syn tsientûzenen tagelyk it kâlde Noardseewetter om ’e kont. Dat binne net de echten, want dêr op dat Hollânske strân fleane se deryn en derút. De echten, dat binne dyjingen dy’t soks geregeld dogge en der de tiid foar nimme. It skynt dat je de wjerstân dermei ferheegje en der brún fet mei oanmeitsje.

No tinke jimme, dat sil dy Feie sels wol betocht hawwe, dat fan dat brune fet, mar dat is net sa. Minsken hawwe wyt en brún fet, lies ik op it ynternet. Foar dat brune fet is de wittenskiplike namme textus asiposus fuscus. Freegje my net wêr’t dat sit. Ik haw gjin idee, mar ik swim in soad en ik haw dus grif in soad fan dat textus en sa fierder.

Ik haw it net op Rens Kroes en oare dieetgoeroes. Der binne langer withoefolle boeken en advizen om foar te kommen dat je der net út komme te sjen as in oaljefant, mar in grut part fan de befolking skynt te swier te wêzen en moat dêrom wyt fet kwyt reitsje en brún fet oanmeitsje. Dy boekjes jouwe neat. Jo moatte gewoan de kjeld yn. Bygelyks yn kâld wetter, mar kâld waar helpt ek.

Soe in brette gehakbal ek helpe?

Wubbo Ockels silliger (1946–2014) wie ien fan de minsken dy’t om wjerstân tsjin syn kanker op te bouwen, it iiskâlde wetter yn gie. Ik haw respekt foar minsken dy’t sels wat dogge foar harren sûnens. Miskien hat Ockels langer libbe troch syn kâldwetterterapy, mar syn dea hat er der net mei foarkomme kinnen. Ik soe mar foarsichtich wêze. Der wurdt troch saakkundigen warskôge tsjin dat kâlde wetter. Hertpasjinten moatte der al hielendal net oan meidwaan. In fraach dy’t my dwaande hâldt is, oft je fan it iten fan brún fet lykas fan in brette gehakbal dat sûne brúne fet ek krije. Dêr koe ik neat oer fine. Rens Kroes skriuwt der foarsafier’t ik neigean koe neat oer. Dat is spitich, benammen as je fan in gehakbal hâlde.

 

jannewaris 17, 2017 11:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*