Ried fan Europa tige ûntefreden oer Fryske taalpolityk

desimber 16, 2016 01:55

De Ried fan Europa is fannijs tige ûntefreden oer it belied dat Nederlân fiert foar it Frysk en de oare lytse talen. Dat stiet yn it ferslach dat in ûndersykskommisje skreaun hat oer de útfiering fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen. Dat ferslach is tongersdei iepenbier makke.

It noasket de kommisjeleden net dat de Nederlânske oerheid de nedige ynformaasje te let oanlevere hat. It Nederlânske minderheidstalebelied wurdt om ’e trije jier kontrolearre. It is de fyfde kear op rige dat de Ryksoerheid te let is mei it oanleverjen fan gegevens. It opûnthâld wie diskear mar leafst in jier.

“Wij van wc-eend …”

De Ried fan Europa is der ek net wiis mei dat de Ryksoerheid it eigen belied sels evaluearre hat ynstee fan taalorganisaasjes om har miening te freegjen. Sels DINGtiid, it offisjele advysorgaan foar it Frysk, wie net yn ’e evaluaasje behelle. Neffens de Ried docht Nederlân boppedat te min foar it behâld en de útwreiding fan it autochtoane taalferskaat.

De saakkundigen riede de Nederlânske oerheid oan om it taalbelied net allinne op de sprekkers fan minderheidstalen te rjochtsjen, mar op ’e folsleine befolking. Dy hat almeast amper weet fan it bestean en de posysje fan it Frysk, Papiamintsk en oare lytse talen.

Underwiis moat better

Wat it Frysk oanbelanget is de kommisje kritysk. It plak fan it Frysk yn ’e rjochtbank is troch de fúzje fan ’e rjochtbanken fan Fryslân, Grinslân en Drinte fermindere. It is net fansels dat in fertochte Frysk prate kin. Dêr moat Nederlân wat oan dwaan. It Frysk moat ek in folle better plak yn it ûnderwiis krije. Fryske lessen binne neffens de Ried fan Europa tefolle op it praten en ferstean rjochte. Neffens it Hânfêst moat it Fryske ûnderwiis der ek op rjochte wêze om bern it lêzen en skriuwen fan it Frysk by te bringen. It ûnderwiis yn de Fryske kultuer en skiednis is ek fan in fierste leech nivo, sa skriuwe de saakkundigen.

It ferslach fan de kommisje oer it Nederlânske belied foar lytse talen is yn it Ingelsk beskikber op it adres:
http://www.coe.int/t/dg4/education/minlang/Report/EvaluationReports/NetherlandsECRML5_en.pdf

desimber 16, 2016 01:55
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. rWillem Riemersma desimber 16, 07:52

    Dêr stiet it dan, swart op wyt…..
    Net foar it earst, mar neffens my wol foar it earst sa dúdlik foar ALLE Friezen en oare sprekkers fan minderheidstalen te lêzen!
    Yn ‘gewoane’ taal en yn in ‘gewoan’ medium, foar ús in bysûnder medium: de Omrop.
    Net alline foar eksperts oan de Akademy en by de Provinsje, by pylders fan de Ried fan de Fryske Beweging, de Skrieversronte, Ons Bildt, ensfh. Mar foar elk dy’t yn de trein, by oankomst op it wurk, by it bakje kofje fan ‘e moarn efkes op Nijs googlet, bg.
    Hooplik komt it sa ek yn de kranten.
    Want dizze oanrikkommendaasjes fan de Ried fan Europa binne in OPROP.
    Oan sprekkers fan harren taal.
    Dit moat hast wol oansprekke, neffens my. Breder en mear as earder.
    22 des. om 18.30 oere hoopje ik op kloften folk op it Saailân, foar optocht FOAR it Frysk.
    Want it giet net ‘allinne’ om ús taal, mar ek om eigenwearde fan de sprekkers en brûkers. It iene is mei it oare om te wikseljen. Ek it brek dêr oan.
    En dat struktuereel te let oanleverjen troch it Ryk fan ynformaasja oan de Ried fan Europa, dêr ha ik persoanlik, yn 2007, tsjûge fan west en by sitten. By dit beskamsum foarfallen. Mei pleatsferfangjende skientme, mar dochs djip beskamme!! Is no nei jierren nóch net oars, moat ik wol begripe. Ek dêrom, protest op 22 des. Posityf protest.
    Net tsjin, mar FOAR!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*