Nederlânsk wichtichste taal yn it bedriuwslibben

oktober 10, 2016 08:00

frysk-nederlanskIt Nederlânsk is de wichtichste taal fan it bedriuwslibben yn Nederlân en Flaanderen. Dat docht bliken út in grut ûndersyk fan de Nederlandse Taalunie. Dy hat de ôfrûne moannen ûnder goed trijetûzen Nederlanners en in ferlykber tal Flamingen ûndersyk dien nei de talen dy’t minsken yn it libben fan aldendei brûke. 

De ûndersikers sizze dat in taal syn libbenskrêft kwytrekket as er út beskate domeinen fan it libben ferdwynt. Dat liket yn Nederlân it gefal te wêzen mei de wittenskip en it heger ûnderwiis, dêr’t it Ingelsk fluch dominanter wurdt. Yn it bedriuwslibben is dat noch net it gefal. 80 persint fan ‘e Nederlanners en Flamingen praat op it wurk allinne mar Nederlânsk. Sa’n 14 persint fan ‘e Nederlanners en 9 persint fan ‘e Flamingen praat dêrneist Ingelsk op it wurk. As der yn Nederlân noch in tredde taal yn gebrûk is op ‘e wurkflier, dan is dat meast it Frysk, alteast yn mûnlinge foarm. Likernôch 1 persint fan ‘e Nederlanners brûkt it Frysk as ien fan syn mûnlinge wurktalen. Skriftlik wurdt it Frysk op it wurk hast net brûkt. Dat is opfallend, want foar de oare talen dy’t minsken op it wurk prate (Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk, Frânsk en Spaansk) jildt dat se dy tsjin deselde persoanen oer it generaal prate sawol as skriuwe.

Yn Brussel leit it lân der oars hinne. Dêr praat mar 45 persint fan ‘e minsken inkeld Nederlânsk op it wurk. As der in oare taal brûkt wurdt, is dat almeast it Frânsk.

Opfallend is dat by fakatueres mar komselden om behearsking fan it Frysk frege wurdt. Kennis fan it Nederlânsk is foar fierwei de measte banen in needsaak. Kennis fan it Ingelsk en Dútsk wurdt ek in soad frege. Fierder komt fan tiid ta tiid de fraach om praters fan it Frânsk, Poalsk, Arabysk en Spaansk foar.

It ûndersyk wurdt útfierd ûnder de namme Aan het werk met de staat van het Nederlands. Doel is dat it ûndersyk oant en mei 2066 alle jierren op ‘e nij dien wurdt, sadat de ûndersikers sjen kinne wêr’t it Nederlânsk terrein ferliest of wint. In dielferslach, dat spesifyk oer it Nederlânsk yn it bedriuwslibben giet, is te finen op it webstee fan ‘e Nederlandse Taalunie.

 

oktober 10, 2016 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*