Fúzje regionale omroppen ynearsten fan ‘e baan

septimber 3, 2016 12:18

Omrop Fryslân auto'sOmrop Fryslân en de oare regionale omroppen yn Nederlân bliuwe ynearsten selsstannich. De plende fúzje giet net troch. Dat hat steatssekreatris Sander Dekker hjoed besletten. Neffens Dekker is der ûnder de dielnimmende omroporganisaasjes tefolle ferset. Acht fan ‘e trettjin regonale omroppen wiene tsjin de nije struktuer. Omrop Fryslân wie ien fan dy acht.

De fúzje wie part fan in nije mediawet. Dy makke dat der in nije omrop komme soe, de RPO (Regionale Publieke Omrop). De besteande omroporganisaasjes soenen dêryn opgean. De mooglikheid om sels út te meitsjen wat der foar programma’s makke en útstjoerd wurde soenen, soe tige beheind wurde. Wol soe der in spesjale regeling komme foar Omrop Fryslân, om’t dat de iennichste omrop is dy’t net yn it Nederlânsk útstjoert.

De plende besuniging fan 17 miljoen euro op ‘e regionale omroppen giet wol troch. Dat hâldt yn dat Omrop Fryslân it tenei mei 1,2 miljoen euro yn it jier minder dwaan moat. Dekker hat de takomst fan ‘e regionale omroppen hjoed op ‘e wurklist fan ‘e ministerrie set. Hy tinkt dat der “een goede basis” is om in oare nije struktuer te betinken.

septimber 3, 2016 12:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*