Ingelsk ferkringt Nederlânsk yn heger ûnderwiis

augustus 27, 2016 15:26

eksamenlokaalDe universiteiten yn Nederlân jouwe op it stuit mear kolleezjes yn it Ingelsk as yn it Nederlânsk. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Volkskrant. Fan de stúdzjes op masternivo (it heechste nivo) is mear as 70 persint Ingelsktalich. De universiteiten fan Eindhoven, Weinum en Delft jouwe sels alle masterstúdzjes folslein yn it Ingelsk. De stúdzjes op bachelornivo (it leechste nivo) wurde ek al foar in grut part yn in Ingelsk jûn. Sa’n 20 persint fan ‘e bachelorstudinten folget in Ingelsktalige stúdzje. Allinne de universiteit yn Weinum jout hast alle bachelorkolleezjes noch yn it Nederlânsk. De hegeskoallen feringelskje ek, mar wat minder hurd. Yn 2013 wie 15% fan ‘e hbû-opliedings yn Nederlân Ingelsktalich.

De universiteiten en hegeskoallen wolle mei de feringelsking mear bûtenlânske studinten oanlûke. Mei’t it tal studinten yn Nederlân ôfnimt, sjogge hja dat gauris as in manier om te oerlibjen. Universiteiten en hegeskoallen krije nammentlik in bedrach fan ’e oerheid foar elke studint dy’t dêr ynskreaun is. Universiteiten wize der fierder op dat it wichtich is om studinten ta te rieden op in baan yn ‘e wittenskip, dêr’t Ingelsk de wichtichste fiertaal is.
“Wij zijn ervan overtuigd dat dit leidt tot beter onderwijs en meer mogelijkheden voor studenten om zich te begeven op de internationale arbeidsmarkt”, seit Bastiaan Verweij fan ‘e universiteitekoepel VSNU oer de feringelsking fan it heger ûnderwiis.

Lang net elkenien is it iens mei de feroaring fan fiertaal. Yn 2014 publisearre in groep wittenskippers fan ‘e universiteit fan Amsterdam in manifest mei in protest tsjin de feringelsking. Minister fan ûnderwiis Jet Bussemaker seit dat se net wol dat universiteiten út kommersjele oerwagings kieze foar it Ingelsk as fiertaal. De wet skriuwt foar dat it ûnderwiis Nederlânsktalich wêze moat, mar yn bysûndere gefallen mei dêrfan ôfwykt wurde yn it belang fan studinten of dosinten.

augustus 27, 2016 15:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*