Flaanderen ferleget maksimumsnelheid

augustus 14, 2016 20:04

ferkearsboerdDe snelheid op trochgeande diken yn Flaanderen giet omleech fan 90 nei 70 kilometer yn ’e oere. Dat hat de Flaamske minister fan ferkear Ben Weyts hjoed sneon makke. De maatregel moat it tal ferkearsdeaden omleech helje. De nije snelheidsbeheining wurdt op 1 jannewaris 2017 offisjeel fan krêft.

Op ’e diken dy’t beheard wurde troch it lânsdiel Flaanderen rekken yn 2015 390 minsken dea. Yn in protte gefallen wie te hurd riden part fan ’e oarsaak. Undersyk fan it Belgysk buro foar de ferkearsfeiligens BIVV hat sjen litten dat automobilisten harren yn ’e beboude kom oer it generaal ridlik goed oan ’e maksimumsnelheid hâlde, mar dêrbûten folle minder.

“De wegbeheerders moeten in heel Vlaanderen meer dan zestienduizend verkeersborden weghalen”, seit in wurdfierster fan ’e wegebehearders. It is net de iennichste maatregel dy’t Flaanderen nimt om de ferkearsfeiligens te fergrutsjen. De Flaamske plysje sil ek mear snelheidskontrôles hâlde. Foar automobilisten yn België betsjut de nije snelheid goed oppassen wêr’t hja krekt binne, want yn Brussel en Walloanië bliuwt de âlde maksimumsnelheid fan 90 kilometer yn ’e oere jildich.

augustus 14, 2016 20:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*