Taalstriid as oanjager foar ôfskieding Kataloanië

july 13, 2016 06:00 Fernijd

kataAlle omtinken fan ’e parse giet de lêste wiken út nei it referindum yn it Feriene Keninkryk oer in ‘Brútstap’. De reaksjes út Skotlân, Noard-Ierlân en Wales, dêr’t guon yn oproppe ta ôfskieding fan harren regio, hawwe de media ek rûnom berikt. Grappen en serieuzer bedoelde stikken oer in ‘Nexit’ (Nederlân út de EU), Frexit (Fryslân út Nederlân) en Súdwexit (Súdwesthoeke út Fryslân) folje de sosjale media. Men soe hast ferjitte dat der yn Kataloanië konkrete plannen binne foar ôfskieding. It sittende Katalaanske regear wol dat it gebiet yn 2017 ûnôfhinklik is en makket dêr tariedings foar, ta argewaasje fan ’e polityk yn Madrid. 

Yn 2014 keas in lytse mearderheid fan ’e Katalaanske befolking yn in referindum foar ôfskieding. It referindum hie neffens Madrid gjin offisjele status en wie sels ferbean. It grûnwetlik hof fan Spanje hat de tarieding fan ’e ôfskieding ôfrûne tongersdei ek ûnwettich ferklearre. De rjochters ornearren ienriedich dat it opsetten fan in eigen Katalaanske belestingtsjinst net tastien is. Der binne fiergeande plannen foar it oprjochtsjen fan sa’n tsjinst. Fierder hawwe de rjochters de útfiering fan plannen fan it Katalaanske regear op it mêd fan ynfrastruktuer, telekommunikaasje en in eigen waarstasjon ferbean. Madrid hat ferskate kearen te witten dien dat it in ôfskieding net erkent en mei alle mooglike middels tsjinhâlde sil. Der wurdt op it stuit noch gjin geweld brûkt, mar de Spaansk-Katalaanske fijannichheid is dúdlik te fernimmen.

Pro-Katalaanske partijen net wolkom by Obama

It Katalaanske regear hat fuort te witten dien dat de praktyske konsekwinsjes fan ’e rjochterlike útspraak “minimaal” wêze sille. Dat de Katalaanske aksjes yn Madrid net op priis steld wurde, wurdt ek dúdlik út de gastelist foar de besite fan ’e Amerikaanske presidint Barack Obama oan Spanje. Foar it middeisiten by kening Filip de sechsde binne fertsjintwurdigers fan alle Spaanske partijen útnoege, útsein fan de trije Katalaanske pro-ôfskiedingspartijen, ek al binne dy fertsjintwurdige yn it Spaanske parlemint.

Taalstriid op ’e fearboat

It fjoer wurdt fierder oanwakkere troch in gefal fan taalstriid. Der binne allegedueringen botsings tusken Spaansk- en Katalaansktaligen en út en troch kriget ien dêrfan omtinken yn ’e media. In foarfal fan ferline wike hat yn hiel Spanje ta fûle diskusje laat. Op in fearboat tusken de Katalaansktalige eilannen Formentera en Ibiza frege de Katalaan Quimi Portet om in “café am llet”, in kofje mei molke. De ober op it skip begriep de bestelling net en frege de klant om dy yn it “Galisysk, Spaansk, Frânsk, Ingelsk of Italjaansk” te werheljen. Portet waard dêr lilk om en sette in foto fan de ober op Twitter, mei in ferslachje fan ’e taalstriid. Ober Juanjo Hermo waard dêr tige kjel fan en ferklearre letter yn ’e krante El Mundo dat er te fier gien wie en him skamme foar syn reaksje. “Ik wit net wêrom’t ik sa reagearre ha”, sei er. “Dat wie net ynoarder. Ik ha neat tsjin it Katalaansk, ik wol gewoan myn wurk dwaan.” De rederij docht te witten dat Hermo bestraffend tasprutsen is en dat er tenei “mear respekt” sjen litte sil.

Lyts ynsidint mei grutte symboalwearde

It lytse ynsidint is oalje op it fjoer foar foar- en tsjinstanners fan ’e ôfskieding. Dat komt mei trochdat Spanje ûnder de diktatuer fan Franco it Katalaansk ferbean hat. Dat Madrid geregeld besiket om it pro-Katalaanske taalbelied fan Kataloanië tsjin te hâlden soarget ek by Spaansktalige ynwenners fan Kataloanië foar argewaasje. De lêste pear jier hawwe Spaanske rjochters en politisy besocht om it plak fan it Katalaansk op Katalaanske skoallen lytser te meitsjen te’n geunste fan it Spaansk. Dêr wie in soad lilkens oer. De taalfrijheid fan Kataloanië hat in grutte symboalwearde foar de Katalanen. Dat der flak foar it referindum in pear gefallen fan Spaanske ynminging yn it taalbelied yn ’e media kamen, hat der moai wis mei foar soarge dat der in mearderheid foar ôfskieding stimd hat.

Taalstriid en separatisme

Yn Fryslân lykje der op grutte skaal gjin bewegings te wêzen dy’t stribje nei ôfskieding fan Nederlân. Dochs soargje taalbotsings hjir foar fûle reaksjes. Yn ’e kranten, op ’e sosjale media en yn ’e media wurdt gauris tige lilk reagearre op anty-Fryske maatregels en útspraken. Gauris wurde dy op ’e sosjale media kombinearre mei oproppen ta in Fryske ôfskieding. Underdrukking fan ’e regionale taal en kultuer hat yn ferskate Europeeske regio’s yn it ferline meispile by it fergrutsjen fan ’e stipe foar separatistyske bewegings, dêr’t guon fan geweld net mijden. Spaansk Baskelân, Wales en Bretagne binne foarbylden fan sokke regio’s.

july 13, 2016 06:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Eric july 13, 10:27

    By sokke stikjes MOAT de auteur fermeld wurde.

  2. pyt july 15, 18:46

    Frjemd genôch komt de namme net mear automatysk ûnder in stik te stean!

  3. Bertus Jans Postma augustus 17, 16:53

    Fuort wer kommentaar op it missen fan de namme fan de skriuwer fan it moedjaande ferhaal út Kataloanje. Erik en Piter sille it wol witte. Mar ik wit wól, dat ûnder lang net alle stikken yn kranten in namme stiet.Gûl mei harren dy’t skrieme, mar yn dit gefal: wês (dochs) bliid mei harren/mei de Katalanen dy’t bliid binne. It bestjoer dêre sit mear piid en kriich yn as yn it folk oan de Ljouwerter Twiebaksmerk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*