In stikje Aldgermaansk yn Volendam, Marken en Fryslân

july 15, 2016 06:58
300px-Eric_Hoekstra_22

Eric Hoekstra

Alles feroaret en ús taal docht it mei. Dochs fine wy sels yn ’e taal fan no noch stikjes taalguod dy’t sûnder te feroarjen bewarre bleaun binne, as kostbere diggels út in fier ferline. Wy sille it hawwe oer it brûken fan betreklike foarnamwurden, wurdsjes as dêr, dy en dat, en hoe’t dy yn Volendam, Marken en Fryslân noch krekt lyk brûkt wurde as yn it Aldgermaansk fan 2000 jier ferlyn.

Wat dogge betreklike foarnamwurden?
In betreklik foarnamwurd ferbynt twa sinnen mei-inoar dêr’t in selde persoan of saak yn foarkomt. Besjoch de neikommende twa sinnen:
“Dêr stiet it kliuwrak.”
“Jantsje is fan it kliuwrak ôf fallen.”

Mei it betreklik foarnamwurd dêr kinne wy fan beide sinnen ien meitsje:
“Dêr stiet it kliuwrak, dêr’t Jantsje fan ôf fallen is.”

Lyksa dogge de betreklike foarnamwurden dy en dat:
“Dêr steane de kliuwrakken.”
“De kliuwrakken binne niis ferve.”
=> “Dêr steane de kliuwrakken, dy’t niis ferve binne.”

“Dêr stiet it kliuwrak.”
“It kliuwrak is niis ferve.”
=> “Dêr stiet it kliuwrak, dat niis ferve is.”

Betreklike foarnamwurden ferbine twa sinnen mei-inoar dy’t in selde ûnderdiel diele.

Fan Aldgermaansk nei moderne talen
It Aldgermaansk is de âlde taalfoarm dy’t oan de Germaanske talen te’n grûnslach leit. Germaanske talen binne ûnder oaren de Skandinavyske talen, Dútsk, Ingelsk, Nederlânsk en Frysk. It Aldgermaansk waard sprutsen doe’t de Romeinen hjir de baas wiene, yn ’e earste iuwen nei Kristus. It betreklik foarnamwurd wie doesdestiids (útsprutsen as yn it Modern Frysk) ‘de’ of ‘dêr’. It koe doedestiids brûkt wurde yn sinnen dêr’t it Modern Frysk dy of dat brûke soe. Yn it Moderne Frysk kinne wy net mear sizze:
* De lju dêr’t ik seach. (foar: De lju dy’t ik seach.)

Yn it Ingelsk en it Dútsk is dizze mooglikheid ek weiwurden:
* The people there I saw.
* Die Leute dar ich gesehen habe.

De grutte talen binne de mooglikheid kwytrekke om dêr as betreklik foarnamwurd mei betsjutting “dy’t” of “dat” te brûken. Dêr kin net mear brûkt wurde as it saaklik foarwerp noch as it ûnderwerp fan in ynbêde sin, sa’t dat yn it Aldingelsk en it Aldfrysk al koe. Sels yn it iere Nijfrysk koe dit noch. Hjirûnder twa foarbylden út it ferhaal Maaike Jakkeles, publisearre troch Feike van der Ploeg (1779):
“Ik wit wol dat de toverdokter, der te Amsterdam wenne hat en no dea
is, it net ferbetterje kin.”
“Lit him oars mar oankomme of de feint der ‘t by him leard hat.”

Yn dy sinnen hat dêr de betsjutting “dy’t”. Sinnen lykas de boppesteande kamen yn it Aldingelsk en it Aldfrysk gewoan foar. Sels by de Halbertsma’s kinne se noch fûn wurde, mar yn ’e iere 20ste iuw stjert dit gebrûk fan dêr mei betsjutting “dy/dat” út yn it Frysk.

Volendam, Marken en Fryslân
Yn Volendam en Marken kamen sinnen fan it Aldgermaanske type yn ’e midden fan ’e 20e iuw noch gewoan foar. Dat blykt út ’e bestudearring fan sinnen yn it rike materiaal dat sammele is yn it wurk fan ’e taallearde en jezuyt Jac. van Ginneken. Foarbylden binne (werjûn yn ’e stavering fan it ABN):
“De vent daar me geslagen heeft.”
“Luutje daar haar been gebroken heeft.”
“De mensen daar wij gister zagen.”
“De man daar ik gister zag.”

De útspraak fan it betreklik foarnamwurd is yn Marken en Volendam hast lyk as dy yn it Frysk, soksawat as “dêr”. Mar, sa’t ik niis al sei, ek yn it Frysk fan ’e 19e iuw bestie noch dit gebrûk fan it betreklik foarnamwurd. It waard likernôch om 1900 hinne wei. Dit betreklik foarnamwurd koe dus tsjinje as ûnderwerp en as saaklik foarwerp, wat yn ’e grutte talen al lang net mear kin.

Âld taalguod
Wêrom is dit ferskynsel sa hommels útstoarn yn it Nederlânsk, it Dútsk en it Ingelsk, wylst it him yn Volendam, Marken en Fryslân frij lang oppenearre hat, hast oant yn ús tiid ta? Âlde taalferskynsels wurde meast yn âlde taalfariëteiten fûn, dat wol sizze, taalfariëteiten dy’t minder fan fernijing te lijen hân hawwe. De grutte talen binne allegear it produkt fan in fernijende smeltkroes fan dialekten, dêr’t boppedat de skriuwtaal in sterke ynfloed op útoefene hat. Sadwaande hawwe âlde taalferskynsels (lykas it gebrûk fan it betreklik foarnamwurd dêr foar ûnderwerp en saaklik foarwerp) minder kâns om yn in grutte taal te oerlibjen. It docht dêrom gjin niget dat wy in stikje Aldgermaansk fine yn âlde taalfariëteiten lykas it Volendamsk, it Markensk en it Frysk

Boarnen
Ginneken, J. van (1954). Drie Waterlandse dialecten. Dl. I: Grammatica, phonologie, klankleer. Bezorgd door A. Weynen. Alphen a/d Rijn: Samson.
http://dbnl.nl/arch/ginn001drie01_01/pag/ginn001drie01_01.pdf
Hoekstra, E. (2015) A historical note on the (in)declinable relative pronoun and its syntactic functions. It Beaken 77, 165-174.

ynstjoerd troch: Eric Hoekstra

july 15, 2016 06:58
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Martinus Jellema toskedokter ekspert yn it oanhearen fan klanken (en pine) septimber 20, 22:00

    Een opmerking. It “Nederlands” is net in âlde taal. It is ûntstien út it Frysk. It is in mingtaal tussen it Frysk en it Frânsk dy’t troch de adel sprutsen waard. Us Willem fan Oranje, dy’t troch Balthasar deasketten i, spruts Frânsk. Op hokker wize kin je dat sjen? Sjoch nei de -sk-kombinaasje yn it Frysk. Dat wurdt konsekwint oersetten yn it Nederlânsk troch -sch-. Dus skip wurdt schip, problematisk wurdt problematisch, en bosk waard oan 1934 oersetten as bosch, fisk waard visch en gean sa mar troch. Wat is der bard? De Frânsk sprekkende adel moast ek mei it folk, le peuple, as gepeupel prate, want dy moasten wol dwaan wat de adel fan harren frege. Mar ja, it gepeupel ferstie gjin Frânsk. Sa begûn de adel Frysk te leare sprekken, MEI de Frânske tongfal. De Frânske tongfal is net yn steat de -sk- klankkombinaasje ût te sprekken. Dat wurdt in -sch- yn de Nederlanden, ek it hjoeddeistich Dútslân docht dat, mar nei myn tinken al folle langer, en dan tink ik oan de tiid fan Karel de Grutte. Yn Ingelân wurdt sa nei 1066 de -sk- klank ferfongen troch -sh-. Yn Denemarken moat de Frânsk sprekkende adel ek in aardich ynfloed hâwn ha. De Denen sprekke neffens de Noaren mei in hyte jirpel yn de kiel. De Denen kinne hast ek net in RRRRR útsprekke. Dat dat moat ik fierder ûndersykje. Ek wer de Skotten harren -sk- klank brûke en wer sy al in sêftere -sk- tapasse.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*