Hoe is it mei de Kultuer yn Fryslân?

july 26, 2016 14:45

129305305

Hoe stiet it derfoar mei de kultuerferieningen yn Fryslân en hoe sjocht de takomst derút? Keunstwurk en it Fries Sociaal Planbureau (FSP) arbeidzje mei-inoar op om antwurden te jaan op dy fragen. Oan de Fryske ferieningen en stiftingen dy’t har dwaande hâlde mei toaniel, dûns, muzyk of byldzjende keunst wurdt frege om mei te dwaan oan de kultuerferieningsmonitor, in fragelist dy’t om de twa jier werhelle wurdt.

Krimp en Kulturele Haadstêd
Ferieningen en stiftingen steane foar útdaagjende tiden. Feroaringen yn de mienskip, lykas krimp, fergrizing en yndividualisearring, jouwe ferieningen de nedige soarch om bestean te bliuwen. Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 biedt krekt wer mooglikheden foar Fryske kultuerferieningen. De monitor makket dúdlik hoe’t it mei de Fryske ferieningen yn de feroarjende omstannichheden derhinne leit. Rêde se it? Wat ferwachtsje se oangeande it ledetal? Binne der genôch frijwilligers? En hokker oare knyppunten wurde fernommen?

Kultuer foar senioaren; pilotgemeente Achtkarspelen
Oer fyftjin jier is ien op de fjouwer Friezen 65 jier of âlder. In groep minsken mei in soad frije tiid. Foar ferieningen dêrom nijsgjirrich om rekken mei te hâlden. In grut part fan de 65-plussers yn it Frysk boargerpanel jouwe bygelyks oan graach aktyf te wêzen as frijwilliger by kulturele ferieningen.
Achtkarspelen is ien fan de pilotgemeenten dêr’t it projekt ‘De Bus – Tiid foar Talint’ yn útfierd wurdt. Dat projekt is in grutskalich en mearjierrich program, dat rjochte is op it fergrutsjen fan de kultuerpartisipaasje fan 65-plussers yn Fryslân. It is it doel om mei dat projekt gewaar te wurden hoe aktyf dy groep meidocht oan kulturele aktiviteiten, wêr’t it oanbod út bestiet en hokker organisaasjes har dêrmei dwaande hâlde. Mei de monitor besykje se dêr mear ynsjoch yn te krijen. Dêrom sil yn septimber dêr de monitor útfierd wurde.

Utkomsten fan grutte wearde
Begjin 2017 kinne de ferieningen en stiftingen yn de oare Fryske gemeenten de fragelist ferwachtsje. De útkomst fan de monitor biedt ynsjoch yn de stân fan saken by kultuerferieningen. Dat is nedich om ferieningen mear mei doel te stypjen by de útdagingen dêr’t se foar steane. De ûndersyksresultaten binne fierder tapasber foar beliedsevaluaasje en biede in fûnemint foar (nij) kultuerbelied fan de Provinsje, gemeenten en kultuerferieningen. 

It Frysk Sosjaal Planburo wol in folslein byld krije fan de ûntjouwingen yn it Fryske ferieningslânskip. Dêrom is begjin 2016 ek in begjin makke mei de sportferieningsmonitor; de resultaten dêrfan wurde yn septimber 2016 ferwachte.

july 26, 2016 14:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*