Neitinke oer taalrjochten as minskerjochten

april 2, 2016 00:41

Troch Henk Wolf

Taalrjochten binne minskerjochten. Dat is de fêste oertsjûging fan in groep Basken dy’t behelle binne by de organisaasje fan it programma foar Donostia as kulturele haadstêd fan Europa. Donostia, yn it Spaansk San Sebastian, hat dit jier de posysje dy’t Ljouwert yn 2018 krijt en de omgong mei it tema ferskilt frijwat. Twa fan ‘e organisatoaren binne freed en sneon yn Ljouwert om dêroer te fertellen. Freedtejûn haw ik mei har praat.

Paul Bilbao Sarria en Asier Basurto wienen útnoege troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen. Freedtejûn fertelden se foar in groepke nigethawwers oer har plannen. De beide mannen binne wittenskippers. Dat is in grut ferskil mei de organisatoaren fan it kulturelehaadstêdprogram fan Ljouwert. Bilbao Sarria is spesjalist op it mêd fan ‘e juridyske posysje fan it Baskysk, Basurto is taalsosjolooch. Se wurkje foar de Kontseilua, in grutte koepel fan taalbewegingsorganisaasjes yn Baskelân. De stúdzje fan ‘e taalsituaasje yn Baskelân en it bydragen oan ‘e lykweardigens fan Baskysk en Spaansk yn it deistich libben wie oant it projekt begûn har deistich wurk.

Ferdrach foar beskerming fan taalrjochten

Neffens de Baskyske organisatoaren is it in griis dat de projektlieder fan ‘e kulturele haadstêd gjin Bask is. Ferskate Baskyske bewegingsorganisaasjes hawwe dêr mei-inoar in proteststik yn in regionale krante oer skreaun. Alle oare projektmeiwurkers binne wol Baskysk en se binne ek allegear Baskysktalich. Dat is wer in opfallend ferskil mei de organisaasje yn Fryslân en dat ferskil uteret him ek yn de ynfolling fan it program. De Basken jouwe de streektaal in grutte rol en besykje ek om fia de Kulturele Haadstêd de posysje fan minderheidstalen lykas it Baskysk en it Frysk te ferbetterjen. Om dat foarinoar te krijen wolle se in ferdrach foar de beskerming fan taalrjochten opstelle, dat basearre is op it bekende klimaatferdrach fan Tokio.

Foar it skriuwen fan it ferdrach krijt de organisaasje stipe fan seis ynternasjonale organisaasjes, mei skriuwersorganisaasje PEN as bekendste. Fierder wurdt it tiim stipe troch fyftjin wittenskippers. Yn it ferdrach moat stean wat oerheden dwaan moatte om de taalrjochten fan minsken te garandearjen. Bilbao Sarria lei út dat der in protte ynternasjonale minskerjochteferdraggen binne en dat de measte minskerjochten goed útwurke binne, mar dat jildt foar taalrjochten net. Yn ‘e universele ferklearring fan ‘e rjochten fan ‘e minske stiet wol dat taaldiskriminaasje net tastien is, mar wat dat no krekt ynhâldt, wurdt nearne dúdlik makke.

Ferskil mei it Hânfêst

In part fan 'e minsken dy't freedtejûn oer it taalrjochteferdrach praat ha

In part fan ‘e minsken dy’t freedtejûn oer it taalrjochteferdrach praat ha

Wa kin soks better op papier sette as organisaasjes dy’t alle dagen mei taaldiskriminaasje, taalbefoardering en taalrjochten te krijen ha, sa wie it betinken.De twa Basken reizgje hele Europa troch en freegje oeral oan taalorganisaasjes om mei te tinken. In soad ha al reagearre en wolle de ferdrachstekst stypje. Dit wykein dogge se Fryslân oan. Freedtejûn praten se mei in groepke fertsjintwurdigers fan ûnder oaren de Afûk foar it Frysk, SONT foar it Nedersaksysk en Splika foar it Papiamintsk. Bilbao Sarria en Basurta fregen elk fan har om nei te tinken oer in ynfolling fan it begryp taalrjochten. Dat moat aanst sa op papier komme dat ek toetst wurde kin oft in oerheid in rjocht ek echt takent, dus heel konkreet.

Henk Bloemhoff fan it SONT stelde in fraach dy’t mear minsken op ‘e lippen baarnd ha moat, nammentlik wat it taalferdrach bewurkmasterje wol dat net al mei it Europeesk hânfêst foar regionale en minderheidstalen kin. Dat binne neffen Paul Bilbao Sarria twa dingen. As earste moat it nije ferdrach folle djipper dolle. It moat definiearje wat it minskerjocht op gebrûk fan ‘e eigen taal no konkreet ynhâldt en wat in oerheid dwaan moat om dat minskerjocht te beskermjen. As twadde moat it in tekst wurde dy’t skreaun is troch minsken út it fjild, dêr’t fan sein wurde kin: dit is wat de fjirtich miljoen sprekkers fan lytse talen yn Europa wolle.

Barcelona

Hat elk bern rjocht op ûnderwiis yn syn memmetaal? Of yn de talen fan de streek dêr’t it wennet? Is it in minskerjocht om foar de rjochter jo memmetaal prate te kinnen? En op it gemeentehûs? En yn de winkel? En op it wurk? En sa ja, wat foar ferplichtingen foar de oerheid komme dêr dan achterwei? It binne fragen dêr’t wy de kommende tiid ris oer neitinke moatte, as it oan de twa Basken leit. As wy der in antwurd op jaan wolle, wurdt dat antwurd ferwurke yn de úteinlike ferdrachstekst.

As dy ferdrachstekst klear is, wolle de opstellers dermei nei de Rie fan Europa ta, mei it fersyk om de tekst te ratifisearjen. De Feriene Naasjes wurde faaks letter ek noch frege. Uteinlik moatte oerheden har deroan ferbine, sa is it doel. Dat kin lang duorje, mar it kin neffens de twa mannen wol in wichtich ynstrumint wurde om taaldiskriminaasje te bestriden.

It idee foar in ynternasjonaal taalrjochteferdrach is net nij. Yn 1996 hat skriuwersorganisaasje PEN yn Barcelona al in tekst presintearre. Dy waard doe foarlein oan ‘e UNESCO, mar dy hat de tekst net goedkard. In grut tal kulturele organisaasjes hat dat wol dien. De tekst stiet yn ferskate talen online, mar in Fryske of Nederlânske ferzje haw ik net fine kinnen. Hjir stiet de Ingelske: link en hjir de Dútske: link.

Wa’t ideeën hat foar de ferdrachstekst, kin se trochjaan fia tailerrak@protokoloa.eus of fia de website www.protokoloa.eus.

 

april 2, 2016 00:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*