UWV wol Fryske petearen dochs tastean

maart 26, 2016 15:13

frou_telefoanMeiwurkers fan it UWV, it eardere arbeidsburo, meie wis wol Frysk mei klanten prate. Dat docht wurdfierster Jacomien Begeman sneon yn ‘e Ljouwerter Krante te witten. Begjin fan ‘e wike makke it UWV noch buorkundich dat der yn it kontakt mei klanten inkeld mar Hollânsk praat wurde mocht. De saak kaam oan it rôljen doe’t in man út Wommels it UWV skille en fan in meiwurker te hearren krige dat er net yn it Frysk antwurd krije soe op syn fraach, om’t dat ferbean wêze soe.

Neffens frou Begeman is der yndied in ynterne regel by it UWV dat meiwurkers inkeld mar Hollânsk praat wurde meie. Dy soe derfoar tsjinje om kontrôle op ‘e ynhâld fan telefoanpetearen makliker te meitsjen. Hja seit dat it net it doel is “het Fries uit te sluiten”. As tsjinstferliening wol it UWV eksplisyt yn ‘e ynterne regels opnimme dat Frysktalige petearen ek tastien binne.

De Fryske deputearre Sietske Poepjes hat har de ôfrûne dagen mei de kwestje bemuoid. Hja wiisde derop dat it UWV as Rykstsjinst in wetlike ferplichting hat om Frysktaligen de romte te jaan en brûk harren eigen taal.

By de belestingtelefoan spile de ôfrûne wiken in soartgelikense kwestje. Dingtiid, it offisjele advysorgaan fan ‘e oerheid op it mêd fan ‘e Fryske taal, easke juster op basis fan deselde wetlike regels dat de telefoanyske helptsjinst fan ‘e belesting it Frysk yn telefoanpetearen tastean soe. It Nijs berjochte dêr hjoed al oer: link.

maart 26, 2016 15:13
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. bjuster septimber 18, 17:12

    ja dat UWV mist it Frysk net, dat komt om dat er te min frysktalige meiwurkers oannommen binne.Sels in de vakatureomskriuwing foar in ‘communicatieadviseur’ foar de kulturele haadsted kwam it behearskjen fan it Frysk net foar!!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*