Wat bedoelt de Omrop mei Noard-Fryslân?

juny 2, 2012 12:55

LJOUWERT – Omrop Fryslân stjoert soms wat betiizgjende berjochten de wrâld yn. Hjoed steane der op de site fan de Omrop twa berjochten oer “Noard-Fryslân”. Men soe ferwachtsje dat beide berjochten oer itselde gebiet geane, mar dat is net it gefal. Yn it iene gefal wurdt mei Noard-Fryslân it gebiet bedoeld dat oeral ûnder dy namme bekend stiet, mar yn it oare gefal wurdt ûnder de titel “Game oer Noard-Fryslân” berjochte oer in kompjûterspultsje oer  it noardlikste stik fan de provinsje Fryslân, it saneamde Westerlauwersk Fryslân.

juny 2, 2012 12:55
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jehannus juny 3, 10:34

    De site en berjochtjouwing is faaks hiel sleuaw.
    Se wolle d’r dan wer een NOS of RTL sauske oer dwaan mar dat makket it faaks noch knulliger.
    Se wolle sa sakelijk hollâns dan dwaan en sa ‘tûk’ .
    Wilst se ticht by de minsken en ônafhankelijk dwaan matte.

    Je kinne ek hielendal gjin berjochten mear neisykje op de site.
    En d’r binne ek allehjir funkties kwyt

    Mar wol mei alle macht een programma om 5 oere opsette wolle.

    spytig dat ik it sizze mat, mar ik hear leaver nei de grinser radio dan nei de omrop.
    Der krei je selfs noch wolris better neis ût Fryslan dan fan de omrop selfs.

PRAAT MEI OP FACEBOOK

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*