Online Skotsk Gaelic leare

juny 3, 2012 14:59

De oarspronklike taal fan Skotlân is it Skotsk Gaelic, in taal dy’t besibbe is oan it Iersk. Hjoed de dei praat likernôch 1% fan de Skotten de taal noch, benammen yn it uterste noarden fan Skotlân en op de eilannegroep de Hebriden.

De Britske omrop de BBC hat in online-minykursus Skotsk Gaelic ûntwikkele. Dy stiet no online, ynklusyf in toets om te sjen hoe goed oft men de taal behearsket. De namme fan de kursus is Beag air bheag (“stikje by bytsje”).

Klik hjir om de kursus te besjen.

juny 3, 2012 14:59
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Njirre juny 3, 16:44

    Sa sprekt 1 prosint fan’e Grinslanners noch altiten Frysk, benammen yn it westen fan’e provinsje. Tiid foar in online-kursus! Of dat Skotske Gaelic de oarspronklike taal is, is mar de fraach. Yn Skotlân wennen ek de Picten. De Scoti kamen út Ierlân.

  2. Njirre juny 3, 20:04

    De fraach is, oft de Picten wol Gaelic sprutsen. Dat Gaelic is troch Scoti , Ierske emigranten , nei Skotlan brocht.

  3. Njirre juny 4, 15:55

    Faaks, mar it Ingelsk heart ek al ieuen by Skotlân( yn it easten).

PRAAT MEI OP FACEBOOK

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*