Frysk e-mailprogramma hast klear

novimber 25, 2009 15:29
Mozilla Thunderbird

Mozilla Thunderbird

Woansdei 25 novimber hat de Mozilla-organisaasje, bekend fan û.o. de ynternetbrowser Firefox, in testferzje beskikber makke fan it e-mailprogramma Thunderbird 3.0. Mei dy útjefte is der no lang om let by de 49 talen dy’t beskikber binne ek in Fryske ferzje. Mei stipe fan de Provinsje Fryslân hawwe Wim Benes en Hindrik Sijens hurd wurke om de oersetting ôf te krijen.

Thunderbird is in e-mailprogramma lykas Outlook, dat neffens it “Iepen Boarne”-prinsipe makke wurdt. Dat betsjut dat elkenien op ‘e wrâld der oan meiwurkje kin, bygelyks troch nije ûnderdielen ta te foegjen, besteande funksjes te ferbetterjen of bugs op te lossen. It is beskikber foar de bestjoeringssystemen Windows, MacOS en Linux.

It programma kin mei ferskate protokollen oerwei om e-mail te ûntfangen en te ferstjoeren, byg. POP en IMAP. E-mail kin yn it oersichtlike skerm yn mappen bewarre wurde of mei de nije argivearfunksje argivearre wurde. Yn ferzje 3 is ek in sykfunksje tafoege dy’t hiel fluch troch alle e-mails sykje kin op ûnderwerp, ôfstjoerder of ynhâld. Foar dyjinge dy’t Thunderbird foar it earst ynstallearret en brûke wol, is der in ienfâldige wize om syn e-mailaccount yn te stellen. Ien kear ynsteld is it dêrnei mooglik om âlde e-mail en adressen út oare programma’s te ymportearjen.

Lykas de browser Firefox is Thunderbird ek nei eigen winsk oan te passen mei saneamde tafoegings (add-ons). Dit kinne wurdboeken wêze (byg. Frysk) foar de ynboude staveringshifker, berjochtfersifering foar ekstra feilichheid of adresboekopsjes. Ien tafoeging dy’t in hiel soad funksjonaliteit tafoeget is Lightning. Dit is in aginda- en taakprogramke dat op jo kompjûter aginda’s meitsje kin, mar ek syngronisearret mei Google Aginda. Dy tafoeging is no noch net yn it Frysk; dat sil ynkoarten wol sa makke wurde.

Wannear’t de definitive ferzje beskikber komt, is noch net wis, wierskynlik begjin desimber.

novimber 25, 2009 15:29
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lútsen Bakker jannewaris 14, 21:04

    It hat der mar sydlings mei te krijen, mar is der ien dy’t wit hoe fier oft it stiet mei de Fryske fersy fan T9, it systeem dat wy brûke om mei te sms-en op de mobile telefoan. Frysktalich sms-e wol net echt noflik sûnder dit systeem en de diakrityske tekens.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*